Dronryp ferrassende winner fan NK Famkes
Keatsferiening Jacob Klaver hie har organisaasje treflik foar in oar. Der wie mei tinten en wynskermen soarge foar in kreaze entouraazje. Mar it waar kin je fansels net regelje en dat liet it wat ôfwitte. It wie hjerstich en it himelwetter miezerde de hiele dei wat troch. Doch liet it publyk it net ôfwitte en by de finale wie der sels ekstra belangstelling fan út de buordoarpen fan Easterein en De Ryp. Mar hoe ferrint no sa´n dei en hoe wikselden de kânsen? It paad nei de finale: Dronryp It partoer fan Dronryp hieyn de earste partij in fleanende start tsjin Seisbierrum. It wie sa mar 3-0 mar doe heakke it. Seisbierrum, foarôf ien fan de favoriten, makke fiif earsten efter mekoar. Mar yn dizze frjemde partij kaam Dronryp doch wer op fiif earsten gelyk. Doe wie Dronryp krekt wat fortúnliker en makke de partij út troch op 6-2 de keats foarby te slaan. De twadde partij tsjin Peins gie maklik en waard wûn mei 5-1 en 6-2. Minder maklik dan de einstân sje liet, gie it tsjin Frjentsjer. It waard twa kear 6-4 en fjouwer kear 6-6 en allinnich it lêste earst waard royaal binnenhelle op 6-0. Einstân: 5-1 en 6-0. Dronryp bleau stean en siet yn de finale. It paad nei de finale: Easterein Easterein hie op foarhân in dreech lot. Hja moasten daliks tsjin Minnertsgea ek in kânspartoer. Easterein gie goed út de startblokken en kaam mei deeglik keatsen op 3-0 en letter op 4-1. Mar Minnertsgea kaam goed werom en koe op 4-3 en 6-6 de oanslúting meitsje. Mar dat barde net om’t Tineke Dijkstra fan Easterein in perfekte sitbal sloech. Dat wie de genadeklap foar Minnertsgea en it doek foel definityf op 5-3 en 6-0. Yn de twadde omloop moeten se it sterke partoer fan Stiens. Dat wie in herhelling fan de finale fan 2010, mar no mei in oare winner. Doe wûn Stiens mar no luts Easterein oan it langste ein. Net ûngeunstich foar Easterein wie healwei de partij de blessure fan Yvonne Schots dy’t dêrtroch net langer har perkplakje besette koe. Doch bliuw it lang spannend mar op 5-4 en 6-2 hie Easterein ek dizze partij yn ‘e knip. De tredde partij wie in “walk-over” tsjin ít útkeatste trio fan IE. (5-2 en 6-2). Foar in plak yn de finale wie Folsgaere de ferrassende tsjinstanner. Mar ek Folsgaere dat drege partijen spiele hie tsjin Bûtenpost en Wergea koe it úteinlik tsjin de Eastereinders net oprêdde. De finale It wie Dronryp dat brutaal de lieding naam. Jeanette Jansma wie goed by de les en sloech de bal op 6-4 yn in tuskenspel sitewaasje oer de boppe. Dêrnei pakte Easterein twa kear op 6-2 it earst troch Tineke Dijkstra dy’t in sitbal sloech en in bûtenslach fan Elly Hofman fan Dronryp. Mar Elly makke har foutsje wêr goed troch dêrnei op 6-4 boppe te slaan (2-2). Anouk Tolsma fan Dronryp pakte troch prima te retourneren oant foar de keats op 6-4 it tredde buordsje (3-2). Jelien Pompstra fan Easterein brocht mei in boppeslach op 6-2 de partij wer yn lykwicht. Tineke Dijkstra, dy’t de hiele dei goed opsloech, hie dêrnei in minne rite, bûten op 6-6 en dêrnei nochris op 6-4 makke dat Dronryp op in 5-3 foarsprong kaam. Easterein wie it spoar kwyt. It lêste earst waard hielendal makke troch Jeanette Jansma. Sy sloech trije sitballen en kearde op 5-3 en 6-2 de bal foar de keats. Hjirmei gie de winst doch wol ferrassend mar net minder fertsjinne nei it jeugdige trijetal fan Dronryp. Priiswinners: 1ste KF Sjirk de Wal fan Dronryp Jeanette Jansma / Elly Hofman / Anouk Tolsma 2de KF Easterein fan Easterein Tineke Dijkstra / Jelien Pompstra / Martine Tiemersma 3de KF Yn ‘e Lijte fan Folsgaere Rixt Hettinga /Elma Breeuwsma / Jildou Sweering
Geplaatst op 26 June 2011